Gaswinning leit stil

De gaswinning tusken Harns en Frjentsjer leit oant seker ein dit jier stil. Dat seit gaswinner Vermilion. It ûndersyk nei de boaiemdelgong yn it gebiet is noch net klear. Vermilion hat de gaswinning ferline jier stillein om't de grûn folle mear sakke as tastien. Wat dêr krekt de oarsaak is, is noch ûndúdlik.
De ferwachting wie dat it ûndersyk om dizze tiid hinne klear wêze soe, mar dat slagget net. Der wurdt no mikt op ein dit jier.