Dj Kay Wilder de wrâld oer

11 jun 2009 - 14:41

De Fryske dj Kay Wilder is takom wykein yn mear as fjirtjin lannen live op 'e radio te hearren. Hy daait in set yn 'Sunrise to Sunrise Sessions' dat oer ynternet útstjoerd wurdt yn ûnder oare Ruslân, Noarwegen, Brazilië en Kosta Rika. Yn Nederlân is Wilder te hearren op Deep FM, tongersdei tusken tsien en alve oere.

Wilder draait op 5 july op it Dance Tour Festival yn Ljouwert. Op 5 maaie stie er noch op it Noardewynpoadium fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)