Blessuere rinster supermaraton

11 jun 2009 - 14:25

Maratonrinster Jenni de Groot út Ljouwert leit út de Trans Europe Foot Race. Nei 3300 kilometer hat se in breuk yn it bekken, De maraton fan 4500 km rint fan it Italiaanske Bari nei de Noardkaap yn Noarwegen. Yn Sweedsk Laplân koe De Groot net mear fierder. Se hat twa jier foar de wedstriid traind.

Ubel Dijk út Drachten rint noch wol mei. As alles goed giet, komt er snein oer in wike oer de einstreek op 'e Noardkaap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)