NDR op 'e bres foar drafbaan

Drafsportorganisaasje NDR docht alle war om de drafbaan fan Wolvegea iepen te hâlden, mar ek Duindigt Wassenaar. Fan 'e wike is útstel fan betelling ferliend oan de NDR dy't eigner is fan de baan yn Wolvegea.
Neffens NDR-foarsitter Peter ter Borgh moatte besteande jildsjitters bliuwe. Mar der moatte ek nije bykomme foar de hege hypoteeklesten dy't no oer beide banen betelle wurde. Hoe grut de kâns is dat soks slagget, kin Ter Borgh net sizze.