Yolanthe yn film Marrumhynders

De hynders fêst op 'e dobbe
Yolanthe Cabau van Kasbergen sil de haadrol spylje yn de film 'De hynders fan Marrum.' De film giet oer de hynders dy't yn 2006 nei in stoarm by Marrum fêst kamen te stean op in stik lân achterdyk. Der wie ynternasjonale oandacht foar de rêdingsaksje. Seis froulju wisten de dobbehynders úteinlik wer op de fêste wal te krijen.
FourOneMedia en de Tros sille de film produsearje. De opnames binne nei de simmer. De film moat ein 2010 útkomme.