Stedswachten ûnder skot

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan 21 jier is oppakt omdat er yn 'e stêd twa stedswachten mei in fjoerwapen bedrige hie. Hy hie de stedswachten twa kear oansprutsen, pakte doe in fjoerwapen en rjochte dat op de tafersjochhâlders. Dêrnei naaide de Ljouwerter út. De stedswachten giene mei de plysje achter de fertochte oan. Uteinlik koe de man oppakt wurde. De plysjes lutsen by de arrestaasje ek harren wapen om't de man fjoerwapengefaarlik wie. De 21-jierrige man sit noch fêst.