Ynstitút 'dielde romte' iepen

Direkteur Wiebe Wieling by iepening ynstitút
As it Shared Space-ynstitút yn Drachten alle projekten útfiere kin dy't no taret wurde, dan moat it nije ynstitút gau útwreidzje. Dat waard woansdei sein by de offisjele iepening.
Der wurkje no tsien minsken om oerheden te helpen it prinsipe fan de 'dielde romte' yn it ferkear út te fieren. Dêrby wurdt mear oan de ferkearsdielnimmers oerlitten. Der binne folle minder ferkearsbuorden om alles goed ferrinne te litten.