Tiid op: ynsprekkers lulk

10 jun 2009 - 22:06

Bewenners fan Easterwâlde en Donkerbroek binne woansdeitejûn lulk en ferbjustere fuortrûn út it provinsjehûs. Dêr soene sechstjin minsken ynsprekke oer it nije trasee fan de N381. Omdat it agindapunt oer de NUON-oandielen útrûn, wie der gjin tiid mear foar diskusje oer de dyk tusken Drachten en Assen.

De provinsje wol in nij stik dyk troch in stiltegebiet oanlizze, mar de gemeente en in grut part fan de bewenners binne dêr op tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)