Hofstra rint World Cup mis

10 jun 2009 - 20:10

Darter Rick Hofstra út Snits is der net yn slagge in plakje te krijen yn it Nederlânske team foar de World Cup. Yn septimber stridet yn Amearika in ploech fan fjouwer darters om de wrâldtitel darts. Hofstra moast him tiisdei yn Nieuwegein pleatse om mei te gean. Yn de beslissende wedstriid ferlear er fan Daniël Brouwer.

Rick Hofstra is nei in mindere perioade wer goed oan it darten. Hy wie yn 2004 de earste Fries dy't meidie oan de ferneamde Embassy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)