Jierkongres VNG nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
It jierkongres fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten wurdt yn 2010 yn Ljouwert hâlden. Dat is woansdei op it VNG-jierkongres yn Almere bekendmakke. It kongres is op 8 en 9 juny.
Om it VNG-kongres organisearje te meien moatte yn in straal fan 35 km tûzen hotelkeamers beskikber wêze. De lêste kear dat it kongres yn Ljouwert hâlden waard wie yn 1984. Boargemaster Crone fan Ljouwert wol de dielnimmers, foaral boargemasters en wethâlders, ferrasse mei de 'dynamyk fan Fryslân'.