Plysje sil relskoppers oppakke

Plysje: noch tsientallen relskoppers oppakke
De plysje sil de kommende wiken noch tsientallen rêddraaiers oppakke dy't belutsen west hawwe by de rellen nei Cambuur-Roda JC. Dat hat de plysje woansdei bekendmakke.
Op dit stuit analysearje resjersjeurs de foto's en fideobylden dy't by de plysje binnenbrocht binne nei oanlieding fan it tv-programma Opsporing Verzocht. It tv-programma joech tiisdei oandacht oan de Ljouwerter fuotbalrellen.