Fúzje korporaasjes NE-Fryslân

10 jun 2009 - 14:48

Wenningkorporaasje Dongeradeel út Dokkum wol fusearje mei Thús Wonen út Broeksterwâld. Troch de fúzje ûntstiet in organisaasje mei sântûsen wenten en 75 meiwurkers. De meiwurkers hâlde allegearre har baan. De twa wenningkorporaasjes dogge op dit stuit al in soad saken tegearre. Troch in fúzje tinke se better ynspylje te kinnen op feroarings op 'e merk. De fúzje moat op 1 jannewaris syn beslach krije. It ministearje fan VROM moat noch wol tastimming jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)