WoonFriesland: minder nijbou

10 jun 2009 - 12:36

Wenningkorporaasje WoonFriesland sil de kommende jieren hieltiid minder nije huzen bouwe yn Fryslân. Dêrmei wurdt foarút rûn op it ferwachte tebekrinnen fan it tal ynwenners. Yn de ôfrûne jieren sette WoonFriesland hast alle jieren sa'n 600 nije huzen del. Yn 2008 wiene dat der 350.

De ferwachting is dat dat oantal allinnich noch mar fierder nei ûnderen giet. Yn plak fan nijbou wol de korporaasje har ynsette foar renovaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)