Lytsere auto foar deputearren

Deputearre Adema: de nije auto's binne skjinner en minder djoer
Fryske deputearren moatte it tenei dwaan mei in lytsere tsjinstauto, mar dêr stiet foaroer dat de auto wol in stik better foar it miljeu is as de âlden. De nije auto's kostje sa'n 54.000 euro it stik, 40.000 euro minder as de nijpriis fan de auto's dêr't de deputearren no mei omride.
De keap fan auto's op ierdgas past neffens deputearre Adema yn it plan dat ynset op de grutskalige ynfiering fan brânstoffen as ierdgas en letter ek biogas, bio-etanol en bio-disel.