Wer brânstifting yn Bilgaard

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei twa gefallen fan mooglike brânstifting yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.
Op it Van der Leckplein waarden konteners yn brân stutsen. De neistlizzende wenning rûn dêrtroch skea op. Yn de hal fan in flat oan De Kei waard in steapel papier yn brân stutsen. Ek dêr ûntstie skea. Yn beide gefallen moast de brânwacht it fjoer útmeitsje. De plysje is no op syk nei tsjûgen.