Fermist jacht wie op 'e Ie

It 'fermiste' syljacht op 'e Dokkumer Ie
De rêdingstsjinsten ha woansdei kontakt lein mei de bemanning fan it fermiste syljacht. It jacht, mei twa minsken oan board, lei op de Dokkumer Ie. It jacht soe tiisdei fan Skiermûntseach nei Skylge farre. Mar ûnderweis feroare de bemanning de bestimming, sûnder de famylje op 'e hichte te stellen.
Dy krige gjin kontakt en alarmearre fannemoarn betiid de Kustwacht. Dy sette mei de KNRM en de luchtmacht in grutte rêdingsaksje op tou.