Projekt Waddenkas giet fierder

© Omrop Fryslân
De provinsje giet troch mei it projekt Waddenkas. Yn dit projekt wurde ynnovative projekten foar de glêstúnbou ûntwikkele. Tegearre mei it projekt 'Wurkje yn de kas', in wurkgelegenheidsprojekt fan de Westergosône, moat Waddenkas bydrage oan de wurkgelegenheid yn de glêstúnbou yn it gebiet.
De Stjoergroep Westergosône gie ferline wike al akkoart mei ferlinging.