Mear jild nei sinneboatrace

10 jun 2009 - 10:11

De stifting Sinneboatrace kin 200.000 euro fan de provinsje yn de mjitte sjen foar de edysjes fan de Frisian Solar Challenge yn 2010 en 2012.

Neffens de provinsje drage de ynnovaasjes en nije tapassings by oan de ûntwikkeling fan duorsume enerzjy. Mei it jild fan 'e provinsje kin de organisaasje it evenemint profesjoneler oanpakke. De provinsje stelde yn 't foar al 150.000 euro beskikber. Dy bydrage wurdt ferrekkene mei de twa ton fan no.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)