Skerper parkearbelied Snits

© Omrop Fryslân
Yn de strjitten by it Boschplein yn Snits meie fan dizze wike ôf allinnich noch minsken mei in fergunning parkeare. Op dielen fan it plein kin ek noch mei in parkearskiif parkeard wurde. De maatregel moat foarkomme dat minsken de auto hjir parkeare as begûn wurdt mei de bou fan in nije parkeargaraazje ûnder it plein. Dat giet fan 17 augustus ôf ticht.
As alternatyf wurdt op it Flexa-terrein oan de Toppenhuzerwei in tydlik terrein oanlein.