Oprop foar relskoppers

09 jun 2009 - 23:08

De plysje hat tiisdeitejûn yn it programma Opsporing Verzocht belutsenen by de rellen fan ferline wike by it Cambuurstadion oproppen harren te melden.

As de belutsenen foarkomme wolle dat elkenien sjen kin wat se dien ha, moatte se harren melde, seit de plysje. De plysje sammelt al it byldmateriaal dat makke is fan de rellen. Ek waard in oprop dien foar omwenjenden om de skea te melden dy't ûntstien is troch de rellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)