Trije dagen skoalle op seedyk

© Omrop Fryslân
Hûndert skoalbern krije de kommende dagen bûtendoar les yn Moddergat. De VMBO-learlingen fan it Dockingacollege krije alle lessen fan skiednis oant gym en biology op en om de Waadseedyk.
Sa stiet der in les Waddenyoga op it programma en wurde de bern yn de skiednisles meinaam nei de skipsramp fan 1883 doe't de float fan Moddergat op see fergie. As slotstik litte de bern freedtemiddei in brief oan God mei in ballon de loft yn fleane, dy't se yn 'e godtsjinstles skriuwe sille.