Kolleksje Benners yn Belvédère

© Omrop Fryslân
Yn museum Belvédère binne dizze simmer in grut tal wurken fan de keunstner Gerrit Benner te sjen dy't oars net foar publyk tagonklik binne. Se meitsje diel út fan in partikuliere kolleksje.
It giet om in searje tekeningen dy't de keunstner yn de perioade nei de Twadde Wrâldoarloch makke. Se foarmen it begjin fan syn trochbraak as keunstner. De tentoanstelling fan it wurk fan Benner is fan 20 juny oant 30 augustus te sjen.