Maatregels by wyldpassaazje

09 jun 2009 - 17:50

By de wyldpassaazje oer it fiadukt by Galamadammen wurde dizze hjerst maatregels nommen om de bisten te folgjen. De provinsje wol nammentlik witte oft de passaazje wol brûkt wurdt. Dêrfoar wurde mûzefallen útsetten en komt der in sânstrook om spoaren werom te finen.

Der komt ek in apparaat te hingjen dat flearmûzelûden registrearret en der wurde fallen mei kamera's brûkt. Dy registrearje beweging of waarmte en nimme dan in foto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)