Amelân yn race foar Eden Award

© Omrop Fryslân
It Amelân is ien fan de trije nominearren foar de Eden Award 2009. Eden stiet foar European Destinations of Excellence. It is in inisjatyf fan de Europeeske Kommisje om mear omtinken te freegjen foar duorsume ûntwikkeling fan Europeeske bestimmingen.
Elts jier is der in oar tema. Dizze kear is dat toerisme yn en om beskerme natuergebieten. Nederlân docht dit jier foar it earst mei.