Pasana ferwachtet lytse winst

Pasana ferwachtet dit jier in lytse winst
Soarchgroep Pasana tinkt dit jier mei in lytse winst ôfslute te kinnen. Under Pasana falle ûnder oare sikehûs De Sionsberg yn Dokkum en in oantal ferpleechhuzen. Ferline jier wie der noch in ferlies fan hast 1,5 miljoen euro.
De maatregels dy't naam binne, lykje no fertuten te dwaan. Sa binne der yn it sikehûs twa ôfdielingen gearfoege, is it syktefersom nei ûnderen brocht en is der besunige op de organisaasje yn de ferpleech- en fersoargingshuzen.