Munysje Flylân wurdt opromme

© Omrop Fryslân
Mei spesjaal materieel fan definsje wurdt de kommende wiken âlde munysje út it oefenterrein fan definsje op Flylân helle. It giet om munysje dy't op it strân achterbleaun is nei oefeningen. De Scanjack fan de Keninklike Lânmacht kin de munysje oant in djipte fan 50 sentimeter út it sân helje.
Mei de âlde metoade koe dy djipte net helle wurde. De Keninklike Lânmacht sjocht it skjinmeitsjen as in oefening fan it oanpakken fan in grut terrein.