Gjin beslút skoalle Akkrum

Der is noch hieltyd gjin beslút naam oer de lokaasje fan de nijbou fan de brede skoalle yn Akkrum. It kolleezje hat de foarkar foar de lokaasje Thalensskoalle oan de Ombocht. Omwenners binne dêr net wiis mei om't se benaud binne foar oerlêst.
Ek de bestjoeren fan it basisûnderwiis yn de gemeente sjogge de plannen net sitten. De lokaasje oan de Stringen yn Akkrum soe folle better wêze. De grûn dêr is bouryp en wie ek it plak dêr't it foarige kolleezje bouwe woe.