45 boetes foar lânbouferkear

Der binne 45 boetes útdield yn it lânbouferkear
De plysje hat yn april en maaie 45 kear in boete jûn oan bestjoerders fan in lânboumasjine en dielde yn dyselde perioade njoggentjin kear in warskôging út. De plysje hâldt yn de moannen april oant en mei oktober ekstra tafersjoch op lânbouferkear.
By ûngelokken mei lânboumasjines docht achternei faak bliken dat se net oan de easken foldogge. Yn de earste moanne fan de kontrôleperioade kontrolearde de plysje 187 lânboumasjines.