Team NHL test sinneboat

© Omrop Fryslân
Studinten fan de NHL, de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, teste dizze dagen har sinneboat. Moandei wie it team aktyf yn de Noardbroeksterfeart by Broek. Dêr besochten se de boat goed ôf te stellen en de bernesyktes derút te heljen.
De tests binne nedich om't it team nije wike meidocht oan wedstriden yn Seelân en België. De sinneboat makket mei syn snelheid fan sa'n tolve kilometer in goeie kâns om dêr heech te einigjen, sa tinke de studinten.