Legere omset merke Ljouwert

08 jun 2009 - 17:05

Eksploitanten op 'e Ljouwerter simmermerke ferwachtsje dit jier sechtich persint minder omset te draaien op de nije lokaasje oan de súdwestkant fan 'e stêd.

Fanwege de bouwurksumheden op it Saailân yn it sintrum moast de merke ferhúzje nei in parkearterrein achter it WTC Expo oan de râne fan de stêd. De simmermerke waard ôfrûne sneon iepene troch de Ljouwerter wethâlder Diks.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)