Oalje driuwt op Lauwersmar

08 jun 2009 - 16:58

Fearboat Esonborg hat moandei foar in grutte oaljefersmoarging op de Lauwersmar soarge. Doe't it skip op 'e Skâns oan de kade lei is by de boechskroef oalje fuortlekt. De Esonborg fart as sneltsjinst tusken Esonstêd en Skiermûntseach.

De 50 kante meter oalje drige nei it natoergebiet Achter de Zwarten oan 'e Grinslanner kant fan 'e mar te driuwen. De oalje is lykwols troch it wetterskip ynsletten mei skermen en oan board fan in skip sûge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)