Greenpeace wol seereservaten

It aksjeskip fan Greenpeace op de Waadsee by Harns
Greenpeace is moandei yn de haven fan Harns begûn mei de nije kampanje Zeereservaten nu!. De natoerorganisaasje wol dat der natoerreservaten yn de Waad- en Noardsee komme dêr't de natoer net steurd wurdt troch fiskers, skipfeart of gas- en oaljeboarrings.
De kommende simmer wurdt op ferskate wizen omtinken foar de needsaak fan seereservaten frege. De aksje yn Harns is pas it begjin, sa seit Greenpeace.