Vikingring nei Fries Museum

08 jun 2009 - 14:05

De gouden Vikingring dy't begjin maart yn Gaasterlân fûn is, sil twa wike lang te sjen wêze yn it Fries Museum. Kommende sneon krijt de ring in plakje yn de archeologyske útstalling Super Terpen. Henk Batstra fan 'e Lemmer fûn de ring mei de metaaldetektor en sil snein 14 juny oer syn fynst fertelle.

De ring fan draaide gouden triedden is 800 oant 1100 jier nei Kristus makke. De skiednis en betsjutting fan 'e ring wurde noch ûndersocht, mar it is wis dat it om in tige seldsume fynst giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)