FLB wol prate mei ljeppers

08 jun 2009 - 11:05

It Frysk Ljeppers Boun wol mei ûntefreden ljeppers om tafel om te praten oer persoanlike sponsoring. Op basis fan it sponsorkontrakt dat it bûn hat mei ROC Friese Poort is dit soarte fan sponsoring op wedstrydklean op dit stuit net mooglik. De ljeppers wolle dat dit feroaret en hawwe aksjes oankundige.

Neffens Jelle Roorda, foarsitter fan it ljeppersbûn, tinkt it bestjoer posityf oer persoanlike sponsoring. Mar dan moat dit passe binnen de regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)