Oanhâlden nei smiten mei stoel
In man fan 35 út Wolvegea is sneintemiddei oanhâlden omdat der yn in hoarekasaak oan it Van der Sandeplein him min gedroech. De eigner hat de man sels út syn saak set.
Doe't de man ien kear bûten wie smiet hy in terrasstoel tsjin in skonk fan de hoareka-ûndernimmer. De plysje wie gau te plak en hat de man oanhâlden.