Man bewusteleas yn auto

08 jun 2009 - 09:45

Yn Damwâld hat de plysje sneintejûn it rydbewiis ynnaam fan in 21-jierrige autobestjoerder út Walterswâld. De man waard yn de Kloostermanstrjitte bewusteleas oantroffen yn syn auto.

De bestjoerder is nei it sikehûs yn Dokkum brocht. Dêr waard nei bloedûndersyk dúdlik dat de man ûnder ynfloed fan drugs wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)