Oplossing fersakking damwand

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat komt mei in oplossing foar de fersakking fan de damwand by de feartsjinst nei Flylân ta, yn Harns. Sa flak foar it heechseizoen sil de tsjinst in saneamde sjenybrêge pleatse om de ekstra stream toeristen en frachtauto's oan te kinnen.
Ferline jier ûntduts Rykswettersteat dat de damwand by de oanlisbrêge fan de feartsjinst fersakke. Fan dat momint ôf mochten frachtauto's swierder as 3500 kilo net mear op de boat.