Online aksje foar Koen Brack

Koen Brack
De supporters fan SC Cambuur binne in grutte aksje begûn om ferdigener Koen Brack bytekenje te litten by de fuotbalklup. Ofrûne tongersdei waard in 'Koentje moet blijven'-Hyves iepene mei yntusken tûzen leden, mar it die bliken dat dit medium net genôch wie.
Der waard gau in webside oprjochte mei dêrop in digitaal hantekeningeboek. De webside is sneontejûn de loft yn gong en is al troch hûnderten supporters besocht. De supporters roppe Alex Pama en Koen Brack op mei-inoar te praten.