Fernielings yn Damwâld

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein yn Damwâld fjouwer persoanen oanholden op fertinking fan fandalisme en baldadigens. In tsjûge hie sjoen dat in groepke jongeren op de Haadwei fernielings oanrjochte yn tunen en mei in fytserek smiet.
Warskôge plysjes troffen it groepke fytsend oan op de Foarwei en koene fjouwer persoanen oanhâlde. Fjouwer oare persoanen naaiden út. De fjouwer fertochten, twa út Broeksterwâld en twa út Rinsumageast, binne ferheard.