Ynbraken Ljouwert en Drachten

07 jun 2009 - 15:21

De plysje ûndersiket twa ynbraken. Sneon waard tusken 14.30 en 18.15 oere ynbrutsen yn in wenning oan de Jornsmastate yn Ljouwert. De ynbrekkers wiene deryn kaam troch it fernielen fan in rút oan 'e achterkant fan 'e wente. Der waard in laptop stellen.

Ek oan de Ee yn Drachten is sneon ynbrutsen. Tusken 11.00 en 17.30 oere waard in achterdoar stikkenmakke, wêrnei't ûnder oare in dvd-spiler en in lûdsynstallaasje stellen waarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)