Ferbou it Bolwurk wer oppakt

© Omrop Fryslân
De ferbouwingswurksumheden fan poppoadium it Bolwurk yn Snits binne wer oppakt. Nei it fallisemint, begjin maaie, fan boubedriuw Buwalda út Skettens hat it wurk hast fjouwer wike stillein.
Yntusken is de oerienkomst mei it fallite bedriuw ûntbûn en is it wurk oernaam troch it Snitser boubedriuw Koster. De oplevering is no ferskood fan begjin july nei augustus. Der wurdt nei stribbe om it fernijde poadium yn septimber te iepenjen.