Boek mei Fryske resepten

07 jun 2009 - 13:36

Deputearre Hans Konst ûntfong tongersdei by bierbrouwerij Us Heit yn Boalsert út hannen fan Ytje Hoekstra en Miriam Velter it boek 'Friese liefde'. Dat is in boek mei resepten fan fyftjin Fryske topkoks, tegearre mei ynterviews mei Fryske produsinten.

De byienkomst waard iepene troch útjouwer Steven Sterk fan De Gordyk mei in ynlieding oer it oarspronklik idee en in koarte taspraak fan Pieter van der Werff fan AOC Fryslân oer in ûnderwiisprojekt oer biologysk sieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)