Fotowedstriid It Fryske Gea

07 jun 2009 - 13:18

Dizze simmer organisearret It Fryske Gea, mei de oare alve provinsjale lânskippen, in lanlike fotowedstriid. De superhaadpriis is in ôfbylding fan de winnende foto op de bussen fan it iepenbier ferfier.

De natuerorganisaasjes wolle de minsken mear belûke by lânskip en natuer. Dielnimmers kinne oant en mei 30 augustus maksimaal trije digitale foto's ynstjoere. It giet dan om foto's dy't makke binne yn ien fan de terreinen fan de provinsjale lânskippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)