Trio V.d. Meulen wint keatsen

06 jun 2009 - 16:51

De útnoegingspartij keatsen foar manlju yn Snits is sneon wûn troch it trio Johan van der Meulen, Renze P. Hiemstra en Taeke Triemstra. Sy wûnen de finale mei 5-3 en 6-0 fan Jochum Bouma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.

De frije formaasjepartij yn Snits by de froulju is sneon wûn troch it partoer Maaike Wind, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema. Mei 5-3 en 6-6 waarden Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Baukje Aalbers ferslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)