Ophelje startnûmers maraton

Startnûmers ophelje yn it stedskantoar
Dielnimmers oan de maraton fan Ljouwert fan snein moatte sneon har startnûmer ophelje. Dat kin yn it stedskantoar yn Ljouwert. Minsken dy't op it lêste momint betocht ha dat se noch meirinne wolle kinne har noch oant 16.00 oere oanmelde.
In pear hûndert rinners diene dat noch. Foar de maraton kinne de minsken har net mear opjaan, mar noch wol foar de koartere ôfstannen. Neffens de organisaasje binne dy hûnderten minsken ekstra gjin probleem.