Dei fan de bou

06 jun 2009 - 15:07

It nije skoalgebou fan de NHL is ien fan de lokaasjes dêr't minsken de hiele dei sjen kinne hoe't de nijbou derfoar stiet. Op 1 oktober moat de nije skoalle oplevere wurde. Takom jier jout it 45.000 kante meter gebou plak oan 10.000 studinten.

It nije NHL-gebou hat hast 89 miljoen euro koste. Der ferbouwing is in stik djoerder útpakt as de plande 55 miljoen euro. Mar it giet net goed mei de bousektor. De bouproduksje sil de kommende twa jier mei 15 persint sakje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)