Fûllearaksje yn Ljouwert

06 jun 2009 - 14:31

De plysje hat freedtejûn en -nacht yn de Ljouwerter binnenstêd in fûllear-aksje hâlden. Der waarden 53 auto's en 173 minsken kontrolearre. Dêrby waarden fjouwer messen en twa skroevedraaiers yn beslach nommen.

In 37-jierrige Ljouwerter hie in buske pepperspray en heroïne by him. Hy waard dêrfoar oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)