Hertekealtsje berne op Skylge

Herten op Skylge
Op Skylge is dizze wike it earste kealtsje berne by de twa edelherten dy't no noch op it eilân omrinne. It hertejong is troch in jager by Aasterein sjoen. Yn novimber waarden tsien edelherten nei Skylge smokkele.
Dêrfan binne der begjin dit jier acht bisten ôfsketten. Twa edelherten mochten yn libben bliuwe om't it jachtseizoen yn maart foarby wie. Ien fan de beide is no dus krekt mem wurden.