Twa topklassen amateurfuotbal

06 jun 2009 - 13:39

It Nederlânske amateurfuotbal kriget mei yngong fan it seizoen 2010/2011 definityf twa topklassen. Ien foar de sneonsferieningen en ien foar de sneinsklups.

De algemiene gearkomste fan de amateurs hat it foarstel fan de KNVB sneon oannommen mei 52 stimmen foar en acht tsjin. Yn de twa topklassen sitte elk 16 ploegen. Dêrûnder bliuwe de seis haadklassen bestean mei elk 14 klups.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)