Drege tiid foar útjouwers

06 jun 2009 - 13:05

It wurdt de kommende tiid dreger foar skriuwers om har boeken útjûn te krijen. Troch de ekonomyske krisis wurde der folle minder boeken ferkocht en gean de prizen omleech. Neffens útjouwer Steven Sterk fan De Gordyk sille der sels útjouwers fallyt gean.

Sterk hat ek in gruthannel yn restanten. Dat binne boeken dy't oerbliuwe en foar in lege priis ferkocht wurde. En dat tal restanten nimt hurd ta. Wat de Fryske boeken oanbelanget falt it lykwols wol wat ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)